Hearrenfean-transfer Halilovic: "Ik wol de minsken sjen litte hoe goed ik bin"

12 sep 2019 - 16:37

It is miskien wol de meast spektakulêre transfer fan de earedifyzje. De komst fan Alen Halilovic nei SC Hearrenfean. It 23-jierrige âld-supertalint wurdt foar ien seizoen hierd fan AC Milan en stiet foar syn debút by SC Hearrenfean. Halilovic hopet sneon yn de Amsterdam Arena syn earste minuten te meitsjen. "Ik wol de minsken sjen litte hoe goed ik bin."

Halilovic spilet by SC Hearrenfean mei rêchnûmer 10. Mei dit nûmer spilet hy ek by de nasjonale ploech fan jong Kroäsië. Nûmer tsien wie noch frij, omdat it it eardere nûmer fan Ben Rienstra wie, en Rienstra fuotballet yntusken by it Turkse Kayserispor.

"Ik fernuvere my der wol oer dat nûmer tsien noch oer wie, mar sa wie it net in hiel drege kar. Nûmer tsien is myn favorite nûmer."

Soad klups

De 23-jierrige Kroätyske middenfjilder hat in ymposant rychje klups efter syn namme stean. Op 16-jierrige leeftiid wie hy it grutste talint fan syn lân. Hy makke al gau de oerstap fan Dinamo Zagreb nei FC Barcelona. Fia ûnder oare HSV kaam hy by AC Milan telâne.

It binne grutte klups en Halilovic koe de hege ferwachtings net wier meitsje. "By guon klups wikselen se fan coach, of der kamen allegear nije spilers, dan woe ik fuort. Somtiden sit it net mei, of it is myn eigen skuld. Mar ik bin noch mar 23 jier, ik kin noch hiel lang fuotbalje."

By guon klups wikselen se fan coach, of der kamen allegear nije spilers, dan woe ik fuort.

Alen Halilovic

Doel

Halilovic hopet dit seizoen in soad wedstriden foar Hearrenfean te spyljen. Nei it seizoen wol hy mei Kroäsië nei it Europeesk kampioenskip. En as dat allegear slagget, wol hy werom nei AC Milan, dêr't hy noch altiten in kontrakt hat.

(advertinsje)
(advertinsje)