Steatefraksje CDA wol dúdlikheid oer regels festivals

Der moat in dúdlik fergunningebelied komme foar it organisearjen fan festivals, wêrby't it belang fan besikers, omwenners en de natuer yn balâns is. Dat fynt de steatefraksje fan it CDA. Der hat dit festivalseizoen nochal wat te dwaan west oer fergunningen. De rjochter kaam der sels in pear kear oan te pas.
Daniël van Drunen fan festival Eilân
It CDA fynt dat de de provinsje alles sa gau mooglik evaluearje moat en der lessen fan leare moat. Dan kinne de regels takom simmer foar elk dúdlik wêze.
De partij wol yn elts gefal mear witte oer hoe't it allegear rûn is mei de fergunningen foar it festival Eilân op Skylge. De rjochter hie dêr sa'n soad op oan te merken dat it festival net trochgean koe. De provinsje moast foar dy proseduere in ferklearring fan gjin beswier jaan.

Natura 2000

Dat hie der mei te krijen dat it festival flak njonken in Natura 2000-gebiet pland wie. De provinsje moat dan wol of net akkoart jaan, as dêr wat bart. Neffens it CDA wie der yn dit gefal by alle belutsen partijen ûndúdlikheid oer de regels. De partij wol dat yn de takomst foarkomme.