Man krijt 16 moanne sel foar besit en fersprieding berneporno

12 sep 2019 - 16:27

In 52-jierrige man út de gemeente De Fryske Marren hat 16 moanne sel krigen foar it downloaden, besitten, fersprieden en meitsjen fan berneporno. De plysje kaam de man ein 2017 op it spoar nei in tip fan in Amerikaansk meldpunt foar berneporno.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Op syn telefoan en kompjûter stiene goed 5.000 ôfbyldingen en filmkes. Hy dielde de porno mei oaren, ek foto's fan ien fan syn eigen bern. De rjochter neamde dat ekstra skokkend.

Neffens in psycholooch is de man folslein tarekkenber foar wat er dien hat. Hy is yn it ferline behannele foar syn pedoseksuele oandrang. De rjochter hat him no in ferplichte behanneling oplein.

De fertochte komt ûnder tafersjoch fan de reklassearring. Dy hâldt syn kompjûter en oare apparaten yn de gaten om te sjen oft er net opnij op syk giet nei berneporno. It bern fan wa't de man foto's ferspraat hat, krijt 1.250 euro smertejild.

(Advertinsje)
(Advertinsje)