Tristan Bangma sânde op tiidrit 30 kilometer by WK paracycling

Tristan Bangma (21) út Donkerbroek is mei Patrick Bos op it WK paracycling as sânde einige op de tiidrit oer 30 kilometer. De titel yn Emmen gong nei syn lângenoaten Vincent ter Schure en Timo Fransen. Dy wiene in goede minút rapper.
Tristan Bangma (rjochts) en Patrick Bos © Omrop Fryslân, Freark Wijma
Bangma en Bos hiene 37 minuten en 25 sekonden nedich foar it parkoers fan 31 kilometer.
De Fryske hurdfytser mei in fisuele beheining waard yn 2016 yn Rio de Janeiro paralympysk kampioen op de 1 kilometer tiidrit mei Teun Mulder.
Sneon sille Bangma en Bos op jacht nei de wrâldtitel yn de weiwedstriid oer 110 kilometer. Dêr hearre se by de favoriten.