FIDEO: Dûkteam fisket kontenerguod fan MSC Zoe op

12 sep 2019 - 15:50

De kontenerramp mei it skip MSC Zoe lit noch hieltyd spoaren achter. In njoggen dagen duorjende ekspedysje fan de stichting Duik de Noordzee Schoon hat in soad troep boppe wetter helle. Acht moannen nei it oerboard slaan fan de 342 konteners leit der noch sa'n 800.000 kilo ôffal yn see, seit de stichting.

Jassen, autoûnderdielen, boartersguod, dûnsjassen, reiskoffers, batterijen, giftige perokside en in protte ôffal fan fiskers... Dat is wat de dûkers yn it wetter boppe Skiermûntseach fûn hawwe.

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

Duik de Noordzee Schoon ropt, tegearre mei Stichting De Noordzee en it Wereld Natuur Fonds, reder MSC dan ek op om syn folsleine ferantwurdlikens te nimmen by it opromjen fan ôffal. Oant no ta is mar in fraksje fan de beloften neikaam.

"Het kan niet de bedoeling zijn dat natuur en burgers de prijs betalen, omdat bedrijven hun verantwoordelijkheid niet nemen", seit Floris van Hest, direkteur fan Stichting De Noordzee.

Inisjatyfnimmers fan de ekspedysje pleitsje foar profesjoneel ûndersyk nei de ekologyske gefolgen fan sa'n ramp, en strukturele beliedsoanpassings om soartgelike rampen yn de takomst de foarkommen.

Langduorjende skea

De ôfrûne moannen hawwe profesjonele bergingsskippen, fiskers en tûzenen frijwilligers har ynsetten om de see en it strân frij te meitsjen fan ôffal fan MSC Zoe. Ofrûne simmer waard der noch goed 5.000 kilo oan lyts boaiemôffal opfiske by in proef, ûnder lieding fan Rykswettersteat, mei netten fan in fiskersskip ôf.

Der is lykwols in soad ôffal dat net opromme wurde kin, lykas plestik kerrels en pypskom. Dêrneist binne in soad spullen troch de sterke streaming fuort dreaun of ûnder it sân ferdwûn. Neffens stichting Duik de Noordzee Schoon moat alle troep no gau opromme wurde, oars wurdt it ûnmooglik.

Foto: Kustwacht Nederland

"Ons doel is een schone en gezonde Noordzee. In de voorgaande dertien expedities hebben wij 60.000 kilo aan afval uit de Noordzee opgeruimd", seit ekspedysjelieder Ben Stiefelhagen. "Tijdens de ramp met de MSC Zoe is in één keer 53 maal deze hoeveelheid overboord geslagen."

By de dûkekspedysje binne lokaasjes besocht dy't allinnich troch dûkers oprêden wurde kinne. Neist it opromjen fan ôffal wurde oesterbanken ynspektearre, fiskersark opromme, en archeologysk ûndersyk dien nei skipswrakken.

(advertinsje)
(advertinsje)