Oratmangoen no wol yn de basis by SC Cambuur

Ragnar Oratmangoen begjint freed yn de basis by SC Cambuur. De Ljouwerters krije Helmond Sport op besite yn it Cambuur Stadion. Trochdat Oratmangoen fan it begjin ôf spilet, moat Giovanni Korte it fjild romje. Fierders spylje deselde spilers as ferline wike tsjin Telstar.
Ragnar Oratmangoen tsjin Telstar yn duel mei Anass Najah © Orange Pictures
In wike lyn soe Oratmangoen ek al yn de basis begjinne, mar doe kaam de oanfaller te let op de training. Dêrtroch sette trainer Henk de Jong him op de bank. No mei de spiler, dy't oerkaam fan NEC, wol starte fan De Jong: "It hat ek wat mei de tsjinstanner te meitsjen. We tinke dat we benammen op harren helte spylje. Dan kieze we foar wat kreativiteit. Dat hat Giovanni Korte ek, mar hy wol it sa goed dwaan, wêrtroch't it wat muoisumer giet. Dat mantsje komt aansten wol."
It is net sa dat De Jong no de kommende tiid de foarkar jout oan Oratmangoen boppe Korte. "Ragnar moat der wol oan lûke. It is net allinne oan de bal moai, mar ek by balferlies moatte je duels winne. Dat docht Gio wol goed, dus dat wurdt ek in moaie konkurrinsjestriid."
Henk de Jong sikehus

Stanley Akoy

Ien fan de spilers dy't de ofrûne wiken yndruk makket, is Stanley Akoy. De 22-jierrige middenfjilder foel yn fjouwer fan de fiif wedstriden yn en joech ferline wike sels in assist. "Ondanks dat ik vanaf de bank start, gaat het redelijk goed. De invalbeurten die ik krijg, gebruik ik. Ik heb het gevoel dat ik dicht tegen de basis aan zit. De groep zit sowieso vrij dicht bij elkaar. Daardoor krijg je concurrentie. Maar dat is goed. Als dat er niet is, is er vrij weinig aan."
Trainer De Jong hat him de lêste wiken faak posityf útlitten oer Akoy. Ek op trainingen hat de spiler dêr in soad oan: "De trainer helpt ons enorm. Hij praat ook met spelers die op de bank zitten. Later in het seizoen krijg je misschien nog wel een beloning daarvoor. Als ik deze lijn doortrek, zou er snel een kans in de basis kunnen komen."
Stanley Akoy

Helmond Sport

De tsjinstanner fan freed, Helmond Sport, stiet op it fyftjinde plak yn de earste difyzje. Se hellen fiif punten út de earste fiif wedstriden. De Jong ferwachtet in ferdigenjende tsjinstanner. "Helmond Sport komt hjir net om ús publyk te fermeitsjen. Dat begryp ik ek wol. Dy komme gewoan foar de punten en hoe, sjogge se wol. It is in fysike ploech en we moatte sjen dat we dêr ûnderút fuotbalje."
Dat Cambuur op papier de favoryt is, makket foar Akoy net út. "We moeten goed gebruik maken van het publiek, dat we hier thuis altijd mee hebben. En we moeten Helmond Sport niet onderschatten."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Helmond Sport set freedtejûn om acht oere útein. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar. Sneon is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting te sjen fan it duel.