Spesjaalbier foar tentoanstelling oer Fikingen yn Fries Museum

It Fries Museum yn Ljouwert docht wat bysûnders, fanwege de tentoanstelling oer Fikingen, dy't fan takom moanne ôf te sjen is: it museum lit spesjaal Fikingbier brouwe troch in brouwerij yn Aldtsjerk. Se binne dêr in skoftsje lyn mei begûn en de earste brousels binne no klear.
Spesjaalbier foar tentoanstelling Vikingen Fries Museum
It Fries Museum frege de brouwerij yn Aldtsjerk, dy't it saneamde 'Rodulf de Viking-bierke' makke. "Volgens het museum moest er een stoer persoon bij het biertje worden bedacht. Toen kwamen zij met Rodulf, die rond 800 de Noordzee onveilig maakte", fertelt brouwer Frans Filius.
"Hij roofde schatten van andere landen. Totdat hij bij ons kwam, toen versloegen de Friezen hem. Toen pakten zij zijn schatten af." Dat fûnen se in moai ferhaal om oan it bierke te keppeljen.

Huning

De brouwerij brûkt huning foar it bier. "Van de honing gebruiken we de suikers om alcohol te maken. Maar in het bier zitten ook de geuren en smaken die bijen uit honing halen", leit Filius út.
De Fikingen dronken sels lykwols net echt bier. Se namen leaver mede, ek wol huningwyn. "Bier maak je van granen, waar je suikers van maakt. Wij voegen daar honing aan toe. Die unieke geur- en smaakstoffen maken het bier weer heel anders. De bieren van vroeger smaakten anders dan die van nu, maar ik denk dat dit er wel op lijkt."
De brouwerij joech tongersdei alfêst in foarpriuwke en liet in stikje fan it proses sjen. It bier is pas oer in pear wiken echt klear.
© Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Bauke Deelstra preau it Fikingbier alfêst