Skylger FrieslandCampina-boeren litte molke no op eilân ta tsiis wurde

12 sep 2019 - 14:33

Skylger boeren dy't by FrieslandCampina oansletten binne, litte harren molke tenei op it eilân ferwurkje. Oant no ta giet alle wiken noch in tank mei molke nei it fêstelân, mar dêr komt dus feroaring yn.

Foto: ANP

De kommende jierren sil de molke hieltyd faker op it eilân ferwurke wurde ta tsiis. De boeren sille ek mear lân natuerfreonlik behearje en dat is wer goed foar de greidefûgels op it eilân. De Fûgelbeskerming is wiis mei de ûntwikkeling.

As de tsiis yn it Skylger tsiisfabryk klear is, wurdt dy nei de fêste wâl brocht. De tsiis hat de namme PolderPracht-tsiis. PolderPracht is in projekt dat de Fûgelbeskerming al yn 2014 yn gong sette, om it blomrike gebiet fan greidefûgels op it eilân te behâlden. Dat betsjut dat melkfeehâlders by de wurksumheden rekken hâlde mei de natuer en fûgels, wêrtroch't de produksje wol minder heech is. Dêrom krije de boeren in hegere molkepriis foar de molke dêr't de tsiis fan makke wurdt.

Foto: Vogelbescherming Nederland

Wolle de boeren dy hegere molkepriis ûntfangen bliuwe, dan moatte se yn 2023 seis duorsumheidsdoelen berikt hawwe. Sa meie se 20% fan it lân pas nei 15 juny meane, sadat de greidefûgels de kâns ha om de pykjes grut te bringen. It iten fan de kij moat ek komme fan it eigen lân.

De ekstra liters molke kinne nei it fabryk fan tsiismakker Jan Willem Zeilstra. Takom jier ferhuzet it tsiisfabryk nei West-Skylge. Dêr kin it ek groeie.

(advertinsje)
(advertinsje)