Auto yn de brân op de A7 by Beetstersweach

Op de A7 by Beetstersweach hat om healwei twaen in auto yn 'e brân stien. De bestjoerder fernaam dat der reek yn de kabine fan de auto kaam en hat de wein feilich op de flechtstripe delset. Twa foarbygongers hawwe dêrnei besocht it fjoer op 'e tiid út te meitsjen, mar dat is net mear slagge.
© Srfotografie
Troch de reek ûntstie der in file op de A7, yn de rjochting fan It Hearrenfean. De brânwacht fan Beetstersweach koe net foarkomme dat de auto ferlern gie, mar it fjoer is no út.