World Sport of All games net yn Fryslân

11 nov 2011 - 21:08

De Olympyske Spelen foar lytse sporten, de Word Sport of All games, wurdt oer fiif jier net yn Fryslân hâlden. Fryslân hat de stimming mei 21 tsjin en mar 9 foar ferlern fan Yndonezië.

Dat is freedtejûn dúdlik wurden yn Antalya, yn Turkije dêr't dy stimming hâlden waard. Fryslân wie sûnt dizze simmer yn de race foar it grutte evenemint mei mooglik 7500 sporters en 300-tûzen besikers.

Wat by de stimming fan de 30 leden mooglik meispile hat, is dat de World Sport of All Games takom jier ek al yn Europa hâlden wurde. Dan is Litouwen oan de beurt. Fryslân hie oant no ta 60.000 euro yn de tarieding stutsen. Dêrfoar wie ûnder oaren in helberheidsûndersyk dien. De Fryske delegaasje wol no mooglik in Europeeske fariant op poaten sette.

(advertinsje)
(advertinsje)