Earste F-35 komt yn oktober nei fleanbasis Ljouwert as opfolger F-16
De earste Nederlânske F-35 komt op 31 oktober nei de fleanbasis yn Ljouwert, dat hat steatssekretaris Visser fan Definsje bekend makke. It tastel is it earste dat yn Italië fan de bân rôle is en foar de Nederlânske lofmacht bestimd is. De F-35 is de opfolger fan de bekende F-16.
De Nederlânske F-35 wurdt boud yn it fabryk op de fleanbasis Cameri. Nederlân hat 37 F-35's besteld. Dêrfan wurde de measte yn Italië boud, de oare yn Amearika. Definsje hat al twa F-35's. Dy binne stasjonearre yn Amearika, foar de oplieding fan piloaten.
Fierder hat Definsje earder dit jier sein dat der nochris acht of njoggen F-35's komme moatte.