Henk de Jong hat nacht yn sikehûs trochbrocht: "Ik waard net goed"

Henk de Jong hat dizze wike in nacht yn it sikehûs lein. De trainer fan SC Cambuur is moandei mei de ambulânse ophelle, om't er him net goed fielde en in te lege bloeddruk hie. Tongersdei stie De Jong foar it earst wer op it fjild yn it Cambuur Stadion.
Henk de Jong training
Nei de training fan de Ljouwerters fertelt De Jong oer wat him moandei oerkaam. "Ik waard net goed, myn bloeddruk wie hiel leech en dat gie ferkeard. Jûns yn it sikehûs waard ik behoarlik gripich. Dus wy tinke dat it dêr wei komt. Fierder giet alles goed. Ik bin goed neisjoen. We binne der wer."
Dochs wie it wol heftich foar de Drachtster. "Ik skrok efkes dat ik fuort foel. Ik tocht wol efkes: ik wit net oft ik moarn helje. Ik wie bliid dat it MCL hjir is. De minsken hawwe geweldich op my past."

Assistinten ha wurk oernaam

Om dy reden ûntbruts De Jong tiisdei en woansdei by Cambuur. Syn assistinten hawwe it wurk oernaam, sadat hy opknappe koe. En dat is slagge: "Ik bin wer hartstikke goed. Mar, fernimst wol even datst in tikje hân hast. Dit hat west en ik bin wer goedkard. Wy sille wer fuotbalje en lekker op nei Helmond Sport", sa fertelt de coach fan Cambuur oer de wedstriid fan freed.