Protestaksje mei opblaasko: AfterPay fielt him útmolken troch memmebedriuw

12 sep 2019 - 16:48

Wurknimmers fan tsjinstferliener Afterpay op It Hearenfean komme tongersdei yn aksje tsjin de direksje fan memmebedriuw Arvato International. By de yngong fan it kantoar, neist in grutte opblaasbere ko, biede sy de direksje fan Arvato in petysje oan. "De werknemers zijn het zat dat ze door Arvato worden uitgemolken", seit ûnderhanneler Roderik Mol fan CNV Vakmensen.

Afterpay is bekend fan online winkeljen en efterôf beteljen. It bedriuw, mei sa'n hûndert wurknimmers, falt sûnt 2014 ûnder de flerken fan Arvato International. Sûnt it oernimmen fiele de wurknimmers harren hieltyd mear in melkko.

'De lol is er af'

"Afterpay is een goedlopend bedrijf met gemotiveerde mensen, maar zoals Arvato de laatste jaren opereert gaat de lol er wel af. De directie heeft bijvoorbeeld eenzijdig een streep gezet door de winstuitkering en geeft al jaren geen echte loonsverhoging meer, alleen een kleine inflatiecorrectie. Voor opleiding en scholing is nauwelijks tijd en ruimte. Functieomschrijvingen deugen niet, waardoor totaal niet duidelijk is of de werknemers wel het juiste salaris krijgen", seit Mol.

Reaksje direksje

De direksje fan Afterpay hat de petysje, dy't troch 65 fan 70 wurknimmers ûndertekene is, yn ûntfangst naam. It management lit witte dat se yngean op de soargen fan de wurknimmers. Alle wurknimmers hawwe tongersdei in brief krigen. Fierder sil der freed oerlis wêze mei harren. It management wol dizze oerlizzen mei it team moanliks trochsette.

(advertinsje)
(advertinsje)