Ynventaris Bleeker feild

11 nov 2011 - 20:53

De ynventaris fan it fallite bedriuw Bleeker Bouw út Boalsert wurdt online feild. It giet om sawat 3000 artikels, lykas houtbewurkingsmasines en auto's.

It hast hûndert jier âlde famyljebedriuw Bleeker Bouw gie yn july fallyt. Dêrtroch rekken 23 minsken har baan kwyt. Bleeker hie in skuld fan oardel miljoen euro. Sneon en moandei kinne de te feilen saken besjoen wurde.

(advertinsje)