Aukje de Vries oer stikstofkwestje: "It loket maklike oplossingen bestiet net"

12 sep 2019 - 12:40

Twadde Keamerlid Aukje de Vries (VVD) fan Ljouwert hopet dat der gau in oplossing komt foar it stikstofprobleem. Troch in útspraak fan de Ried fan Steat oer de Nederlânske stikstofoanpak komme der in soad projekten yn de lânbou, wenningbou en ynfrastruktuer stil te lizzen.

Aukje de Vries (VVD) - Foto: ANP

In projekt soe pas úteinsette kinne as der bewiis is dat de natuer der gjin hinder fan hat. It soe ek betsjutte dat it ûnderhâld oan de Ofslútdyk ophâlde moat. "It wurk is al dwaande, dus dat soe tige nuver wêze. Dan soene de minsken dy't dêr op it stuit wurkje, net trochgean kinne. Der moat sjoen wurde hoe't der op koarte termyn in fergunning komme kin," jout De Vries oan.

Minne saak

"It soe in minne saak wêze. Mar dat jildt foar oare projekten fansels ek: wenningbou, diken, útwreiding fan bedriuwen. Der binne earne oars al wenningbouprojekten stillein. Yn Den Haag wurdt it sjoen as in grut probleem. De kommisje Remkes moat ein septimber mei in plan komme," leit De Vries út.

Op koarte termyn

Dy kommisje is ek op fersyk fan de Keamer begûn. "Dy moatte wy ek de tiid jaan. Mar op koarte termyn moatte wy wol fergunningen oan de gong krije. It kin net sa wêze dat it lân stil komt te lizzen. Je kinne ek noch in bepaalde toets útfiere litte en mei kompensaasje wurkje, dêr moat de kommisje Remkes nei sjen. Wy wolle ek graach oersjoch oer hokker projekten it giet."

Tsjin inoar útspylje

De Vries jout wol oan dat der tocht wurde moat oan de útspraak fan de Ried fan Steat. "It is in dreech probleem, dêr't in soad belangen by spylje. Der moatte gjin minsken tsjin inoar útspile wurde, sa't D66 no mei de boeren docht. Mar goed: it loket mei maklike oplossingen bestiet net."

Twadde Keamerlid Aukje de Vries (VVD) oer de stikstofkwestje

(advertinsje)
(advertinsje)