Ljouwerter Stadswerf bestiet kwart iuw

12 sep 2019 - 12:08

De Stadswerf yn Ljouwert bestiet tongersdei 25 jier. Op de werf wurkje minsken dy't útbehannele binne by de GGZ. By harren driget somtiden it gefaar dat se yn in isolemint bedarje. Troch in oantal dagen yn de wike op de werf te wurkjen, hâlde se sosjale kontakten en ha se mear struktuer yn it libben.

Foto: Stadswerf Leeuwarden

Normaal stiet de Stadswerf yn it ramt fan it restaurearjen fan skippen, mar op it stuit wurdt alles klearmakke foar it grutte feest. Tongersdeitemiddei wurdt der in boek presintearre oer de skiednis fan de werf en genietsje wurknimmers en gasten fan in hapke en in drankje.

Pieter wurket by de Stadswerf en neffens him is it hiel wichtich dat der sokke plakken bestean. "Op een bepaald moment raak je thuis in een isolement en dan is het heerlijk om een plek als deze te hebben, waar je je weer gewaardeerd voelt", leit er út.

"Het is hier fantastisch met z'n alles. Je doet allemaal lekker je eigen ding. Iedereen heeft respect en begrip voor elkaar. We weten dat iedereen wel iets heeft en dat je kunt zijn wie je bent."

De stichting achter de Stadswerf is De Werf. It bestjoer dêrfan krijt net betelle. "Dat is bysûnder, want fyn mar ris minsken dy't har sterk meitsje wolle foar minsken mei in psychyske beheining", leit werfbaas Mathijs Westra út. "In stikkene foet kinst sjen, mar wat der yn 'e holle stikken is, sjochst net. Dan is it moai dat minsken hjir in plak fine kinne."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma gie del by de Ljouwerter Stadswerf

Trefwurden: 
Ljouwert jubileum stadswerf
(advertinsje)
(advertinsje)