Trein fan Ljouwert nei Zwolle knalt by Meppel op in auto

12 sep 2019 - 11:18

De trein dy't tongersdei fan Ljouwert nei Zwolle ûnderweis wie, is om acht oere moarns hinne tsjin in auto opbotst by it Jaagpad yn Meppel. It ûngelok barde om't de bestjoerder maleur hie mei de auto en krekt op de oergong stil kaam te stean. De frou koe krekt op 'e tiid de auto út, mar de trein koe net mear remje.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der is net ien ferwûne rekke by it ûngelok. It barde wol yn de spits, dus der wiene in soad minsken yn de trein. Nei goed in oere koene sy de trein út en mochten sy mei in oare trein of bus wer fierder. ProRail is dwaande mei it reparearjen fan it spoar en docht mei de plysje ûndersyk.

Tusken Meppel en Stienwyk ride op dit stuit noch hieltyd gjin treinen, mar der wurde wol bussen ynset. De ferwachting is dat it oant 13.00 oere duorret.

(advertinsje)
(advertinsje)