Ynbrekker lit eigen kaaien achter

12 sep 2019 - 11:08

Miskien wie it in útnûging om ris by him del te kommen. Of miskien wie hy se glêd fergetten. In ynbrekker hat yn elts gefal syn kaaien achterlitten yn in hûs yn Dokkum nei't er dêr ynbrutsen hie.

De bewenners troffen de ûnbekende kaaien oan yn 'e hûs. Nei alle gedachten binne se fan de ynbrekker of fan in oar slachtoffer. It soe gean kinne om lopers foar jildkistkes en âlde doarren.

De plysje freget minsken dy't de kaaien herkenne kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
plysje ynbrekker ynbraak kaaien
(advertinsje)
(advertinsje)