'Oerminske' Harm Jan Wilbrink fan Peazens: "Ik heb gekozen voor rust"

12 sep 2019 - 09:48

Wêrom ljochtterapy asto ek gewoan bûten wêze kinst? En wêrom al dy sûkers, as de oerminske sûnder sûkers ite ek iuwen lang oerlibbe? Dy fragen stelde 'oerminske' Harm Jan Wilbrink fan Peazens himsels doe't hy him wer ris net goed fielde. Hy stapte oer op in styl fan oerlibjen mei in soad kuierjen, iten sûnder sûker en sa min mooglik technyk. Tongersdei jout hy in lêzing yn Ljouwert oer dit tema en der komme ek noch spesjale workshops.

"Het is een nieuw imago," seit Wilbrink oer syn 'oerminske'-wêzen. Harm Jan Wilbrink is Waadgids en wennet al 12 jier yn Peazens. "Twintig jaar geleden woonde ik in de stad en had ik een kantoorbaan. Maar ik kwam erachter dat het niet gezond was en ik zocht heil in de natuur. Elke dag een paar uur buiten wandelen. Ik heb me een andere levensstijl aangemeten: gezond eten, bewegen en slapen."

'Oerminsk' Harm Jan Wilbrink fan Peazens - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Nettsjinsteande dat bliuwt Wilbrink beskieden. "Ik ben ook maar iemand die zoekende is in deze moderne tijd. Maar als je bijvoorbeeld naar de supermarkt gaat, zie je dat er in 70-80 procent van de producten suiker zit. Dan moet je argwanend zijn. Het vraagt dat je erover nadenkt en jezelf positioneert." Wilbrink yt dêrom gjin sûkers mear.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra by 'oerminske' Harm Jan Wilbrink yn Peazens

"Ik ben al twintig jaar met dit proces bezig. Op een gegeven moment denk je: ik zoek liever de stilte, de schone lucht en ik ga vroeg naar bed," seit hy. Hy yt no hiel oars as dat hy eartiids die. "Het schijnt dat de oermens wel zo'n 200 planten aten, dat is een enorme voorsprong op ons." Wilbrink docht oan 'slow-cooking.' Hy nimt de tiid om sûn iten te meitsjen. Sa hat hy in spesjaal sopke makke dat 24 oeren yn de panne siet. "Ik heb voor rust gekozen."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra mei it 'oersop' fan Wilbrink priuwe

(advertinsje)
(advertinsje)