Iepen Doar(p) makket portretten foar Fries Museum: fjochtsje foar rjochten

12 sep 2019 - 08:23

De makkers fan Iepen Doar(p) meitsje de kommende moannen portretten fan minsken dy't om ferskate redenen fjochtsje foar harren rjochten. It Fries Museum yn Ljouwert hat dat de makkers frege foar in tentoanstelling yn it Fries Verzetsmuseum.

It Fries Museum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De persoanlike ferhalen kinne fan homo- en transseksuelen, flechtlingen, migranten en minsken wêze dy't op it mêd fan leauwe of ideology sterke oertsjûgingen hawwe. It moatte yn elts gefal minsken wêze dy't rjochten neistribje dy't foar de grutte massa fanselssprekkend binne.

De searje portretten wurdt oan it begjin fan 2020 tentoansteld. Dan is it 75 jier lyn dat de Twadde Wrâldoarloch einige is. De makkers sykje noch minsken dy't geskikt binne foar it meitsjen fan in portret. Yn totaal sille der sa'n 8 oant 12 portretten komme.

Projektlieder Sjoerd Litjens fan Iepen Doar(p)

(advertinsje)
(advertinsje)