Kollum: "Radio"

12 sep 2019 - 08:14

"Dizze wike wie ik by in seminaarje - in gearkomste mar dan wat sjiker - fan de radio fan de Publieke Omroep. It wie yn De Vorstin yn Hilversum, in gebou dat ûntwurpen is troch kwea-aardige arsjitekten. Want wa set yn in mediastêd no in poadiumgebou del dat oan 'e bûtenkant hielendal beklaaid is mei metalen golfplaten, sa't der gjin inkelde radioweach yn of út kin. De hiele dei koe net ien fan de minsken dy't by de nasjonale stjoerders wurkje belje, berjochten ferstjoere of wat opsykje.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Ik ha twivele oft ik gean soe. Neist radio meitsje ik yntusken benammen podcasts. 'Ja, der wurdt noch altyd in hiel soad nei de radio harke', sa fertelde in út Australië ynfleine futurolooch ús. 'Sjoch mar nei myn statistykjes', en we seagen ta ús ferbjustering dat der yndie mear nei de radio harke wurdt as nei podcasts. Radiomakkers hawwe it de lêste jierren oer neat oars mear as podcasts, ek net op dat seminaarje. Podcasts lûke benammen in jong publyk oan, en radio hat in sterk fergriizjend publyk. Dat hinget as in swurd fan Damocles boppe alle radiomakkers op 'e wrâld, en dus ek net gek dat it op dy dei tachtich persint fan 'e tiid oer podcasting gie.

Ik bin in podcastfan. Ik meitsje se sels, en ik harkje se ek graach. It falt foar my net ta om tiid te finen om ek noch nei radio te harkjen, hoe graach ik it ek doch. Der binne trije redenen foar: earst haw ik foar nijs in soad oare kanalen, twads haw ik foar muzyk in abonnemint op in streamingtsjinst en treds kin in radiomakker dreech de radio oan stean hawwe by syn wurk. Mar as it heal kin, set ik 'm oan.

De lêste jierren meitsje ik hieltyd mear podcasts en hieltyd minder radio. In freon fan my seit wolris: ferjit dy radio dochs, der sit gjin takomst yn. Mar dat kin ik net. Ik bin gek op radio. Dizze kollum nim ik fan te foaren op, om't ik op it momint fan útstjoeren net yn 'e studio wêze kin. Boppedat soene de reiskosten it fallisemint fan 'e Omrop betsjutte. Mar it leafst siet ik dêr. Neist Jacob. Mikrofoan foar de noas. Read lampke. En gean. Prate mei de minsken, it nijs fertelle, plaatsje draaie. Ik kin wier neat moaiers betinke as radio.

Ik moat wolris tinke oan 'e minsken dy't hûndert jier lyn libben, of fierder tebek. Dat der moarns net in knopke is datst om sette kinst, sa't der in bekend lûd te hearren is. Gjin kontakt mei de bûtenwrâld. Dat de stilte nea ferjage wurdt. Radio is it earste dat wy as minsken wer útfine soene nei in apokalyptysk barren. Ik wit it seker: miskien earst iten en drinken, mar dan radio. De gerêststelling fan it medium is hieljend foar de naasje. Ik haw radio nedich. Ek as it meast triviale nijs der op is. Ik tink dan: as dit no it wichtichste is dat sy my by de radio fertelle moatte, dan giet it noch net sa min mei de wrâld.

De Australiër op it seminaarje sei dat it wol goed komt mei de âlderwetske radio, ek yn tiden wêryn't wy online kieze kinne út tûzenen stjoerders. We harkje miskien minder faak fia it âlderwetske kastke, mar mear fia mobyltsjes, slimme speakers of eat dat noch útfûn wurde sil en dêr't we ús no noch gjin inkelde foarstelling fan meitsje kinne. Fertrou nea futurologen, sei de futurolooch, yn in futuristysk gebou, sûnder ûntfangst. Wêr't eltse oanwêzige krityske sjoernalist dan nei twa oeren it dochs mar oerjout mei syn privacy, en op it ûnbefeilige wifi-netwurk giet, om mar yn kontakt te kommen mei de bûtenwrâld.

Ik moast werom tinke oan it wykein. Myn suske, dy't kwa âldens hielendal in podcastfan wêze moatte soe, sei dat se in DAB+ radio op 'e jierdei hawwe wol. Sjoch, komt it dan dochs noch goed?

It is dit jier hûndert jier lyn dat yn Nederlân de earste radio-útstjoering wie, troch Hanso Idzerda, jawis, in Fries. En yn dy hûndert jier hat de radio in ferskaat oan transformaasjes trochmakke. Radio is ek meardere kearen dea ferklearre. Benammen doe't de telefyzje grut waard: video killed the radiostar. Dat is net bard. We fûnen de gekste nije devices út, mei de prachtichste skermen, en wat dogge we? Harkje der mei nei audio. Myn kollega's en ik bliuwe radio meitsjen, en stjoere ús produksjes de wrâld yn. Mits wy dus net yn dat golfplategebou binne."

(advertinsje)
(advertinsje)