Deputearre Kramer wol net dat feehâlderij op slot komt troch stikstofkwestje

De stikstofútspraak fan de Ried fan Steat hat gefolgen foar oerheidsprojekten yn Fryslân. Op in list fan RTL Nieuws mei 127 projekten stean fjouwer projekten yn Fryslân, dy't foarearst net trochgean kinne. Yn Fryslân giet it om it Heechwetter-beskermingsprogramma op Flylân, de oanpassing fan de Ôfslútdyk, de elektrifikaasje Amelân Westgat en de Fleanbasis Ljouwert. De projekten soene mooglik te folle stikstof útstjitte en dat is skealik foar de natuer. Deputearre Kramer is benammen benaud foar de belangen fan de Fryske boeren. Sy moatte net slachtoffer wurde fan de stikstof-fraach út de Rânestêd.
Deputearre Kramer wol net dat feehâlderij op slot komt troch stikstofkwestje
Deputearre Kramer is bekend mei de measte projekten, sa jout hy oan. "Net alle projekten stik foar stik. Mar wol dat as gefolch fan de útspraak fan de rjochter yn it foarjier, alle aktiviteiten wêrby't op 'e nij stikstof taheakke wurdt oan de natuer, net mear kinne. En as dat foar boeren net mei, kin dat fansels ek net foar de oerheid. Dus it is logysk dat ek dy projekten stil steane.

Lân net op slot

It is in grut probleem, minister Schouten moat op syk nei in oplossing. "It Ryk is is systeemferantwurdlik, dus ferantwurdlik foar hoe't wy mei de stikstof omgeane yn dit lân. Dy moat mei de kommisje Remkes sjen wat de oplossing wurdt. Oan de iene kant wolle wy de natuer beskermje, mar oan de oare kant moatte wy net it lân op slot sette," sa fynt Kramer.
Neffens Kramer soe it kinne dat bygelyks de oanpak fan de Ofslútdyk foarearst net trochgean kin. "Ja, dat is in reële mooglikheid. Mar ek Schiphol, Lelystêd Fleanfjild, Tweede Maasvlakte. Mar ek wentebou, oanlis fan diken, spoarbou."

Boeren moatte fierder kinne

It is in grut dilemma foar Schouten en it kabinet, tinkt Kramer. "Wat dogge wy: wêr sille wy yn snije? De natuer is ek fêstlein mei Europa, dêr kinne wy neat oan dwaan. Mar wy as Fryslân sizze: al dy boeren dy't in fergunning mienden te hawwen, sa'n 130 yn Fryslân dy't noch by de rjochter lizze, dy moatte der op fertrouwe kinne dat sy in goede fergunning hiene en wy moatte derfoar soargje dat sy fierder kinne."
Johannes Kramer fynt lykwols wol dat de stikstofromte dy't aanst oerbliuwt, earlik ferdield wurde moat. "Foar Fryslân as lânbouprovinsje is it wichtich dat dy romte der bliuwt foar ús boeren om te groeien mar wol op in duorsume wize. Der binne al guon dy't de boel al troch de helte dwaan wolle, mar dy rinne foar de muzyk út."

Feesteapel behâlde

By D66 waard oppere om bygelyks de feesteapel troch de helte te dwaan. "Dat fûn ik tige ûnferstannich fan menear De Groot fan D66," seit Kramer. "De kommisje is no krekt oan de gong, dêr moat de polityk net op foarút fytse."
Kramer wol benammen de boeren beskermje: "It is net tûk om de rekken op foarhân al by de boeren del te lizzen. Oan de oare kant moat eltsenien wat ynleverje, ek de LTO jout oan dat der nei de feesteapel sjoen wurde moat. Der binne boeren dy't no ophâlde. Kin dy stikstofromte dan ek net foar de sektor behâlden bliuwe, net fuortjûn wurde oan huzebou yn de Rânestêd en brûkt wurde foar in bedriuw yn Fryslân sels?"
De kar moat lykwols yn Den Haag makke wurde. "De kommisje Remkes komt op Prinsedei mei in earste advys. Ik bin benijd wat dêr út komt. Mar foar it kabinet is it tige muoilik. Dêr moatte wy mei yn petear."

Provinsjale belangen

Eltse provinsje hat sels eigen belangen. "Dat dogge wy ek, de boeren dy't no al in fergunning hiene of tochten dat sy fan de oerheid romte krigen, dy moatte wy earst wissichheid jaan foar harren bedriuwsfiering. Dêrneist moatte wy sjen: hoefolle romte bliuwt der noch oer? De romte dy't der yn Fryslân is moatte wy brûke kinne foar ús Fryske belangen."
Kramer is benaud dat de Rânestêd foarlutsen wurdt. "It soe net goed wêze dat Fryske stikstofromte takend wurdt oan Schiphol om te groeien en dat wy hjirre op slot komme te stean. It is dreech, mar it moat net sa wêze dat ús feehâlderij op slot komt te stean, net trochgroeie, ynnovearje en ferduorsumje kin om't men gjin kant op kin."
Deputearre Johannes Kramer fan FNP oer it stikstofprobleem