Liesette Bruinsma pakt foar de twadde kear sulver, op 100 meter skoalleslach

Liesette Bruinsma fan Wommels docht mei oan it Wrâldkampioenskip paraswimmen. Sy nimt diel oan ferskate dissiplines: op dei trije fan it kampioenskip stie de saneamde SB11 op it programma, de 100 meter skoalslach. It slagge Bruinsma om twadde te wurden, mei in tiid fan 1.25,59.
Liesette Bruinsma © ANP
"De race was heel zwaar, maar de medaille voelt ontzettend goed. Het was zwaarder dan vanochtend, maar ik was aan het zwemmen voor m'n leven. Ik wilde graag deze medaille halen", sei Liesette Bruinsma. Har tiid wie krekt wat rapper as de 1.25,80 dy't sy yn de searjes behelle.

Twadde kear

It wie net de earste kear dat Bruinsma sulver behelle, want it slagge har moandei ek al om twadde te wurden op de 50 meter frije slach. Dat die sy mei in tiid fan 30.47. Bysûnder wie dat sy op dy dei ek nochris jierdei wie.
Der komme noch wat ôfstannen oan foar Bruinsma: de 200 meter wikselslach, de 100 meter frije slach en de 400 meter frije slach.