Ljouwert as sintrum fan de wrâld foar in jonge kreativeling

12 sep 2019 - 06:29

Fotograaf Florian Cats (30) wurket oer de hiele wrâld, fan Shanghai oant Londen, mar hat syn studio mei opset yn Ljouwert. "Ik ben veel op hectische plekken aan het werk en merk hoe prettig ik het vind om weer in Friesland terug te komen, in de rust. "

Florian fynt it hielendal gjin behindering om yn Fryslân syn stânplak te hawwen, wylst hy in soad yn 'e Rânestêd en it bûtenlân wurket. "Het heeft te maken met het idee dat Friesland ver verwijderd is van de Randstad, terwijl dat niet zo is. Ik ken collega's die net buiten Amsterdam wonen en een uur in de file staan. Ik ben er binnen anderhalf uur en Schiphol is relatief dichtbij."

LF2018

Fryslân hat troch it Kulturele Haadstêd-jier kreatyf sjoen in flinke 'boost' krigen, sa fynt hy. Hy sjocht dat der ek no noch in soad opdrachten binne yn de kreative sektor. "Ik merk dat bedrijven hier meer bezig zijn met creatieve uitingen, want je moet je onderscheiden. Je kiest dan vaker voor creatieve portretten in plaats van de standaard die iedereen al heeft."

Hy hat dan ek alle betrouwen yn in bliuwend effekt fan Kulturele Haadstêd. "Ik zie dat dit voor een omwenteling heeft gezorgd, waardoor er juist geen sprake meer is van leegloop. Ik hoop ook dat jongeren zien dat de Randstad niet per definitie de enige plek is om je te kunnen ontplooien, het is een van de opties."

Fotograaf Florian Cats fan Ljouwert

It Kulturele Haadstêdjier sit derop. De keunst en kultuer yn Fryslân hawwe in flinke boost krigen. Mar is dat bliuwend? Om dit te ûndersykjen folget Omrop Fryslân dit jier ferskate jonge kreativelingen dy't der bewust foar kieze om yn Fryslân te bliuwen, om't se hjir kânsen sjogge. Earder seagen we by Wytse Dijkstra, Esther de Jong en Brecht Wassenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)