Hoe tinke Friezen oer it demokratyske systeem yn ús lân?

11 sep 2019 - 23:04

Friezen binne oer it generaal tefreden mei it demokratyske systeem yn ús lân. Wol moat der mear soarch komme foar it klimaat en ek moat it bedriuwslibben minder ynfloed op de polityk krije. Yn de teäterfoarstelling In Search of Democracy 3.0 krige it Fryske publyk woansdei de kâns om har út te sprekken oer de demokrasy yn Nederlân en de rest fan de wrâld.

De teäterproduksje fan het Zuidelijk Toneel yn gearwurking mei ARSENAAL en de stichting Nieuwe Helden en Co makket nei it sukses op Oerol dizze simmer, no in toer lâns de teäters op de fêste wâl, mei de premjêre op it poadium fan IepenUP yn Ljouwert.

De akteurs krigen it publyk daliks yn de besnijing mei in koarte skiednisles oer it ûntstean fan de demokrasy troch de iuwen hinne. Mar ek waard de blik rjochte op de takomst. Wat is oerbleaun fan de stim fan it folk yn dizze wrâld fan autoritêre lieders, de parse dy't stadichoan hieltyd mear har ûnôfhinklikheid ferliest, de algoritmes en de spontane aksjes fan begiene boargers dy't fine dat net nei har harke wurdt.

De akteurs en aktrises lieten har hjirtoch net út it fjild slaan en brochten it publyk oan it tinken, en nûgen de minsken út om in antwurd te finen op de fraach hoe't it oars kin. Mei harren entûsjasme wisten se it publyk mei te krijen en sels op it poadium mei te spyljen en har eigen rol yn it toanielstik op te easkjen.

Foto: Omrop Fryslân

Demokrasy bestiet by de wil fan it folk, mar de minsken moatte dan wol gebrûk meitsje fan har rjocht om te stimmen, sa wie de net bot ferrassende miening nei dizze bûnte jûn fol ynformaasje mei feiten en mieningen. Mar in stimplicht sa as dy yn België jildt, gie de measte oanwêzigen dochs wer te fier.

Kommende wike oer Tinder

Nije wike hat IepenUP live oandacht foar Tinder, de datingsite op ynternet. In maklike wize om mei froulju en manlju yn 'e kunde te kommen. Foar in noflik jûntsje út of mear...

Mar hokker ynfloed hat Tinder op it minsklik brein. De ynternasjonaal saakkundige op dit mêd, professor Vasily Klucharev, komt spesjaal út Moskou nei Ljouwert om hjiroer útslútsel te jaan. Hy kin oantoane dat in hiel soad populêre sites op ynternet sa opset binne, dat it minsklik brein ûnbewust beynfloede wurdt. Dêrnjonken sil influencer Mar Jetsetter út Ljouwert út de doeken dwaan hokker ynfloed de sosjale media ha op it gedrach fan jongeren.

De talkshow IepenUP live wurdt alle wiken holden yn it kafee fan poppoadium Neushoorn yn Ljouwert en is live online te folgjen fia Omrop Fryslân.nl, de Omrop-app en de Facebookpagina's fan IepenUP Live en Omrop Fryslân. Alle woansdeis fan 20.00 oere ôf. De tagong is fergees!

(advertinsje)
(advertinsje)