Soad krityk yn Steaten op referindumplan Forum voor Democratie

11 sep 2019 - 22:41

De Fryske polityk hie woansdei in soad krityk op it foarstel fan Forum voor Democratie om in referindum te hâlden oer de tiphichte fan wynmûnen. CDA, PvdA en VVD hawwe grutte juridyske en prosedurele beswieren tsjin it foarstel.

Deputearre Sietske Poepjes en steatelid Albert van Dyk waarden it net iens - Foto: Omrop Fryslân

Neffens deputearre Sietske Poepjes binne der no ek al in soad ynspraakmooglikheden by elk nij wynmûneplan. VVD-wurdfierder Klaas Kielstra neamde it wynmûnefraachstik 'te kompleks' foar in simpele referindumfraach.

Neffens fraksjefoarsitter Corlienke de Jong fan de FNP rammelet it referindumplan fan Forum voor Democratie 'oan alle kanten' en soe it ek yn striid wêze mei de besteande referindumferoardering. "It giet my net om de ynhâld, mar prosedureel kloppet dit gewoan net. It is krekt of hawwe se hjir net goed genôch oer neitocht by Forum." Allinnich de PVV reagearre posityf op it referindumplan, mar dêrmei is der noch gjin mearderheid.

FNP-fraksjefoarsitter Corlienke de Jong

Steatelid Albert van Dyk fan Forum voor Democratie is net ûnder de yndruk fan alle krityk op syn plan. Neffens him ferskûlje de koälysjepartijen har achter juridyske arguminten, omdat in referindum oer wynenerzjy harren net útkomt. "De feroardering moat miskien in bytsje oanpast wurde, mar as je in referindum hâlde wolle, dan kin dat." Van Dyk is mei it plan kaam, omdat hy wyt dat in soad partijen yn de Steaten in prinsipe wol foar in referindum binne. Hy rekkenet dêrom op stipe fan partijen as GrienLinks, D66, FNP en PvdA. "It soe my bot ôffalle as dy net thúsjouwe by de stimming."

Op 25 septimber stimme Provinsjale Steaten oer it referindumplan fan Forum van Democratie. Ek as it foarstel it net hellet sil Forum trochgean mei nije inisjativen foar referinda, lit in striidbere Van Dyk wite. "Ynspraakprosedueres binne gjin echte demokrasy. Sa'n proseduere wurdt faak brûkt om in foarnommen beslút troch te drukken. Direkte demokrasy is in prinsipieel punt foar ús. Wy komme dêr seker op werom."

Steatelid Albert van Dyk fan Forum voor Democratie

(advertinsje)
(advertinsje)