Fenna Kalma makket hattrick by FC Twente yn Champions League

Fuotbalster Fenna Kalma fan Haskerhoarne hat foar har klup FC Twente in hattrick skoard yn de Champions League. Mei tank oan har trije goals wûn FC Twente mei 4-2 fan Sankt Pölten en dêrtroch stiet de Nederlânsk kampioen mei ien foet yn de achtste finales.
© OrangePictures
Sankt Pölten is de kampioen fan Eastenryk en wie yn de begjinfaze de bettere ploech. Kalma profitearre lykwols knap fan in flater fan de keeper en skoarde nei 10 minuten 1-0. Weerden ferdûbele de skoare al nei 22 minuten. De 19-jierrige Kalma benutte nei hast in heal oere in penalty en makke nei 75 minuten út in rebound de 4-0. Sankt Pölten skoarde yn de lêste acht minuten noch twa kear.
Woansdei 25 septimber is de return yn Enschede. Ek yn de foarronden fan de Champions League wie de âld-ynwenner fan Haskerhoarne al belangryk.

Ferlies foar Geurts

Keepster Loes Geurts ferlear mei har Sweedske klup Kopparbergs/Göteborg thús mei 2-1 fan Bayern München. De Dútsers hellen ferline jier de heale finale.