Kuorballer Erwin Zwart hâldt nei sân jier op as ynternasjonal

11 sep 2019 - 21:18

Erwin Zwart fan LDODK set in punt achter syn ynternasjonale kuorbalkarriêre. Ofrûne simmer kaam er noch foar Nederlân út yn de WK-seleksje dy't yn Súd-Afrika goud wûn.

Foto: Martin de Jong

Zwart is ta oan in nije útdaging, seit er. "Ik ha goed sân jier foar TeamNL kuorbal spile en ha supermoaie jierren as topsporter belibbe. Ik fernim dat ik ta bin oan wat oars en gean dêrom op syk nei in nije útdaging. It is wol skande dat it no sa abrupt einiget, flak nei it WK. Sels hie ik graach ôfskied nommen mei it toernoai op de Korfbal Challenge."

De kuorballer fan LDODK hat trije EK's (2014, 2016, 2018), twa WK's (2015, 2019) en de World Games fan 2017 op syn namme stean.

Trefwurden: 
kuorbal Erwin Zwart
(advertinsje)
(advertinsje)