Beitske Visser racet takom seizoen wer yn W Series

Koereur Beitske Visser fan Twellingea rydt ek takom seizoen wer yn de W Series, de raceklasse foar froulju, dy't ôfrûne seizoen syn debút makke yn de autosportwrâld. Dat meldt de NOS.
Beitske Visser © BMW Motorsport
Visser, dy't ôfrûne jier twadde waard yn de striid om it om it kampioenskip fan de W Series, is mei noch alve oare koereurs wis fan in stuoltsje. Dêrneist binne der noch acht plakken te ferdielen yn de raceklasse. Dizze wurde ferdield ûnder in groep fan fjirtjin froulju, dy nije wike moandei begjinne oan in testsessy oer trije dagen.
It earste seizoen fan de W Series sette yn oktober útein en is opset om de autosport oantrekliker te meitsjen foar froulju. It soe der úteinlik ek ta liede moatte dat froulike koereurs meidogge oan de Formule 1.