Damwâldster krijt wurkstraf foar kopstjit yn kroech

Yn 39-jierrige ynwenner fan Damwâld dy't yn maaie in kopstjit joech yn in kafee yn Dokkum hat woansdei fan de rjochter in wurkstraf fan 80 oeren krigen.
© Omrop Fryslân
Flak foar it ynsidint wie der in fjochtpartij. In freon fan it lettere slachtoffer, waard út it kafee set. Neffens it slachtoffer wie er weromgien om de jas fan syn freon op te heljen. Yn de hal fan de kroech kaam er de Damwâldster tsjin en dy joech him in kopstjit. It slachtoffer hie in ferwûning oan de holle en pineholle nei de tiid.
De Damwâldster moat njonken de wurkstraf ek noch 750 euro oan it slachtoffer betelje.