Takom jier wer camping foar minima: "It kin net samar ophâlde"

11 sep 2019 - 20:15

It simmerseizoen foar minimacamping Polemonium yn de Grinzer Pein sit derop. Inisjatyfnimmer Appie Wijma krige in protte stipe út sawol Fryslân as Grinslân, mei sponsoaren dy't guod joegen. It wie in grut sukses en Wijma wol der takom jier in ferfolch oan jaan.

Appie Wijma - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Op camping Polemonium koene húshâldingen mei in minimaal ynkommen dizze simmer fergees op fakânsje. Sels it iten en drinken waard regele. It idee wie fjouwer tinten op in stik greide, mar der wie úteinlik folle mear belangstelling.

Wijma is no dwaande mei it opromjen fan de camping, mar hat safolle guod krigen dat er it hast net yn de opslach kwyt kin. "Ik denk dat ik wel een dertig tenten staan heb", fertelt Wijma. De kommende twa moannen kin al it guod wol yn syn opslach stean, mar dêrnei hat er de loads nedich foar de winterrisping foar de itenstún, seit er.

Fierstente stil

Dochs wol Wijma it guod it leafst op syn eigen hiem hâlde, want takom jier sil er de camping wer iepenje. "We zijn al twee jaar bezig geweest om dit voor te bereiden en hebben zoveel goederen van mensen gekregen, zwembaden van fabrikanten en ander goed. We kunnen toch niet zeggen: 'het is gebeurd en we zetten het op Marktplaats'. Dat is onze bedoeling ook niet, want we hebben zo'n fantastische acht weken gehad, dat wil ik eigenlijk niet missen. Ik vind er niks aan van de week, het is me veel te stil."

Wijma hat sa'n goede bân krigen mei alle gasten, dat se yn desimber in grut krystfeest hâlde wolle. "Ik denk dat het heel druk wordt."

Appie Wijma fan minimacamping Polemonium

(Advertinsje)
(Advertinsje)