FIDEO: IepenUP Live, In Search of Democracy 3.0

De kombinaasje fan teäter, muzyk en direkte dialooch soarget foar in iepen en tagonklike sfear, wêryn't je sels bepale kinne om partisipant of taskôger te wêzen. Wês in alle gefallen ree om prikele te wurden!
Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.