Stikstofkrisis treft ek Fryslân: fjouwer oerheidsprojekten yn gefaar

De stikstofútspraak fan de Ried fan Steat hat ek gefolgen foar oerheidsprojekten yn Fryslân. Dat docht bliken út gegevens dy't RTL Nieuws yn hannen hat. Op de list mei 127 projekten stean fjouwer projekten yn Fryslân, dy't foarearst net trochgean kinne.
Ofslútdyk © Shutterstock.com
Yn Fryslân giet om twa projekten fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, ien projekt fan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat, en ien projekt fan it ministearje fan Definsje:
De projekten soene mooglik te folle stikstof útstjitte en dat is skealik foar de natoer. It kabinet praat freed yn de ministerried oer de list en der folget noch in kabinetsbrief oer de kwestje.