Undertrochgong by Hurdegaryp hast klear, takom wykein diels iepen

De ûndertrochgong fan it spoar by Hurdegaryp is hast klear. De oannimmer is op it stuit dwaande mei de siertegels en de betonwannen. De kommende wiken is der noch wat oerlêst foar ferkear. As alles klear is, is der in feilige krusing mei de dyk en it spoar. Dan hoecht auto- en fytsferkear net mear te wachtsjen foar de trein.
It wurk by Hurdegaryp ôfrûne febrewaris © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Fan freed 17.00 oere ôf is ien rydstripe iepen foar autoferkear. It ferkear dat nei Hurdegaryp ta wol, kin dan oer de nije rotonde troch de ûndertrochgong. Ferkear de oare kant op, dus nei Ljouwert ta, moat omride oer Quatrebras. De omlieding duorret op syn langst oant 30 septimber. Dêrnei is de ûndertrochgong iepen foar ferkear yn beide rjochtingen.
Der soe in offisjele iepening wêze kommende freed. Dy giet net troch, omdat noch net al it wurk klear is. Dat hat mei de tegeltsjes te krijen, dy't noch pleatst wurde moatte.

Fytsers wol

Fytsers kinne nei freedtemiddei wol yn beide rjochtingen troch de nije ûndertrochgong.
De rûnwei fan Hurdegaryp is op tongersdei 12 septimber ticht. Oan de ein fan de dei giet er wer iepen, want dan is de turborotonde yn de Noarderomwei (N355) klear.

Gjin treinen Ljouwert-Bûtenpost

Treinreizgers tusken Ljouwert en Bûtenpost moatte ek rekken hâlde mei ekstra reistiid. Der wurdt al tiden oan it spoar wurke. Uteinlik kin der in ekstra sneltrein ride tusken Ljouwert en Grins. Kommend wykein wurdt de oerwei yn de Ryksstrjitwei fuort helle. It ferkear kin dy oerwei fan freed ôf net mear brûke. Der ride bussen yn stee fan treinen tusken Ljouwert en Bûtenpost.