Iepenloftspul Wergea: It lûd fan de mar, in harkspul

11 sep 2019 - 19:07

Alle jierren wer barde it mei it oantikjen fan de hjerst. Meastentiids wie it de earste stoarmige dei dat it om de mar hinne begûn te spûkjen. De wyn raasde om de pleatsen. It wetter stie heech. En midden yn dy stoarm, wie der dat mysterieuze lûd. It lûd fan de mar, dat net ien thúsbringe koe. En alle jierren opnij wie der de moarns nei de stoarm wer in húshâlding slim rekke. It lûd fan de mar nimt it publyk letterlik mei oer it wetter yn in leginde fan eartiids. Of hat de leginde ús noch altyd yn de besnijing?

Troch: Lennie Bronsveld (ferslach) en Dirk Hofstede (kamera)

It lûd fan de mar, it iepenloftspul fan Wergea, is in harkspul. Taskôgers krije in koptelefoan en stappe op in pream. Ferteller Hendrik Fridsma nimt de minsken mei op in tocht om de Wergeaster Mar hinne. Goed fyftich akteurs spylje op de wâl of op it wetter. Se hoege neat te sizzen, want it hiele stik stiet op bân. Minsken hearre alles op de koptelefoan.

Boeren tsjin fiskers

It ferhaal set útein yn it jier 1600. De Amsterdamske keapman Paulus Janszoon Kley woe de Wergeaster Mar drûchlizze foar boerelân. Sintraal stean twa partijen: de boeren en de fiskers. De fiskers hawwe ferlet fan de mar. Troch it drûchlizzen fan de mar reitsje se harren wurk kwyt, har brea om sa mar te sizzen. En de boeren, dy wurde der allinne mar better fan. Mear lân betsjut mear kij en mear bûter; en oan bûter fertsjinnen se doe in soad.

Hearre jim it ek? Dat lûd. Dat mysterieuze lûd fan de mar, dêr't elke húshâlding yn de omkriten troch de iuwen hiene spûkbenaud foar wurden is.

Hendrik Fridsma, de ferteller fan it harkspul

Dêrom ûntstean der konflikten tusken de twa partijen. Dochs moatte se gearwurkje om fierder te kommen. En dat soarget foar spanning. Mar net allinne dat, de mar opinearret him ek. Want de mar wol de mar bliuwe. En de krêften fan de mar binne om bang fan te wurden.

Foto: Omrop Fryslân

Wat ek net mei sit, is dat de measte boeren allinne mar dochters hawwe. Gjin soannen. Dus op in gegeven momint moatte de boeren de konflikten mei de fiskers wol oan de kant sette. Want as je neiteam hawwe wolle om de pleats oernimme te kinnen, dan moatte de dochters wol trouwe mei fiskerssoanen. En sa barde it dat de âldste dochter fan boer Hendrik en Jantsje Fonda trouwe soe mei de soan fan fisker Posthumus.

Benaud

Mar op de dei fan de trouwerij wurdt Hendrik benaud. De wyn raast en it wetter stiet heech. Soe dat it lûd fan de mar wêze? Hendrik hat haast, de trouwerij moat foarby wêze, want hy wol net dat der rare dingen barre.

Sûnt 1989 hat Wergea in iepenloftspul. Al jierren wie der de winsk om wat te dwaan mei it wetter en mei in pream. Yn 2014 ûntstie stadichoan it idee foar in harkspul. "We woene gewoan echt in kear lokaasjeteäter dwaan. En we hawwe de Wergeaster Feart, litte we dêr ris in moai ferhaal by betinke. En doe hawwe we in 'denktank' opstarten", neffens Hendrik Fridsma, de grûnlizzer fan it stik.

Hear hjirûnder hoe't dat idee fan Hendrik Fridsma in harkspul wurden is.

Foar regisseur Janneke Bergsma wie it oars as oars. Se hie al wolris in Iepenloftspul regisearre yn Wergea, mar noch nea earder in harkspul. En dat betsjut datst akteurs regissearje moatst dy't by de opfiering neat sizze. It komt del op in soad mimyk en goed boartsje kinne mei de beljochting.

Janneke Bergsma oer It lûd fan de mar.

In grut part fan de technyk lei yn de hannen fan Folkert Sinnema. Foar him wie it in grutte útdaging. Net allinne moatst in folslein iepenloftspul yn it foar opnaam wurde, ynklusyf lûden as wyn, wetter en fûgeltsjes. Mar ek op de rûte komt in hiel soad technyk sjen: tink oan beljochting. Hoe dogge je dat, sûnder stopkontakten yn de greide?

Hear hjir hoe't Folkert Sinnema dat allegearre oplost hat.

De premjêre fan It lûd fan de mar is op 14 septimber en wurdt dêrnei noch acht kear spile. Alle foarstellingen binne útferkocht. Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst filmkes, artikels en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2019.

(advertinsje)
(advertinsje)