Suppers meie Sleattemer Mar net oer: te gefaarlik

11 sep 2019 - 17:38

Fanwege it minne waar wie it net ferantwurde om de alvestêdepeddelers de Sleattemer Mar oerstekke te litten. De organisaasje hat dêrom besletten de einstreek woansdei te ferskowen nei Wâldsein.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Foarsitter Ritske Merkus fan de organisaasje is bliid mei it beslút om de mar net oer te stekken: "De dielnimmers steane op boatsjes fan 10 kilo, mei de hurde wyn en de golfslach wurdt it dan fierstente gefaarlik om de Sleattemer Mar oer te gean." Neffens Merkus koene de peddelers dit beslút wol begripe.

De omstannichheden wiene de hiele dei al lestich. Merkus: "Op it earste stik op De Swette hienen we de hiele tiid tsjin 'e wyn. Doe binne der al 3, 4 peddelers ôfstapt."

Tongersdei sille de suppers wol sa as pland begjinne by Sleat.

Ritske Merkus fan de organisaasje fan de SUP 11-City Tour

(Advertinsje)
(Advertinsje)