Nyck de Vries: "Vereerd om onderdeel uit te maken van Mercedes"

11 sep 2019 - 17:23

"De Formule E heeft zich de laatste jaren bij de hoogste en beste raceklassen ter wereld gevoegd naast de Formule 1." Dat sei autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea woansdeitemiddei by de presintaasje fan Mercedes-Benz Formule E-team yn Frankfurt. De Vries rydt dêr takom jier tegearre mei teamgenoat Stoffel Vandoorne út België.

Foto: Mercedes-Benz EQ Formula E Team

De Vries rydt op dit stuit noch yn de Formule 2 en stiet dêr boppe-oan it klassemint. Hy hope takom jier de stap nei de Formule 1 te meitsjen, mar dat is net slagge. Woansdeitemiddei makke it team fan Mercedes, dat takom seizoen debutearret yn de Formule E, bekend dat de 24-jierrige De Vries ien fan har koereurs wêze sil.

"Elke coureur hoopt natuurlijk altijd de Formule 1 te halen", sei Nyck de Vries by de presintaasje. "Maar voor mijn carrière is dit de beste optie en ik kan niet wachten om te beginnen."

Histoarje fan Mercedes

Benammen dat hy no foar it team fan Mercedes rydt, makket yndruk. "Als kind keek ik altijd al naar het merk Mercedes op televisie en de grote historie van het team spreek mij aan. Ik ben vereerd dat ik daar nu onderdeel van mag uitmaken."

Yn de Formule E wurdt riden mei folslein elektryske auto's. Yn 2014/2015 waard it earste kampioenskip organisearre. De regearjend kampioen is Jean-Eric Vergne, dy't yn de jierren dêrfoar foar it team fan Torro Rosso yn de Formule 1 ried.

"De wereld gaat de elektrische kant op", neffens Nyck de Vries. "Mensen zetten zich steeds meer in voor elektrische energie en proberen de wereld schoner te maken. Het is mooi om te zien dat de Formule E zich als raceklasse zo heeft ontwikkeld de laatste jaren."

Earste jier

Foarsizzingen oer hoe't it takom jier komt, doart De Vries noch net echt oan. "Het is moeilijk te voorspellen waar we staan, omdat het ons eerste jaar wordt. Het is een volledig andere tak van sport dan dat ik tot nu toe heb gedaan. Ik hoop dat ik me snel kan ontwikkelen en vooraan mee kan strijden."

De earstfolgjende Formule 2 race is oer twa wiken yn Ruslân. Nyck de Vries kin dêr de titel feilich stelle. Hy wurdt dan de earste Nederlânske koereur dy't de Formule 2 op syn namme skriuwt.

Nyck de Vries by de presintaasje

(advertinsje)
(advertinsje)