Man út Steggerda hat yllegale boksbûgels, ploertedeaders en stroomstjitwapens

11 sep 2019 - 17:08

In 24-jierrige ynwenner fan Steggerda moat 60 oeren wurkstraf dwaan fanwege in grutte foarried yllegale wapens. De plysje ûntduts boksbûgels, ploertedeaders en stroomstjitwapens by de man. Dêrnjonken hie er ek noch neppistoalen.

In ploertedeader - Foto: Wikipedia

Tsjin de rjochter sei de man dat er in samler is. Hy wie neat ferkeards fan doel, sei er. De plysje wie by him kaam, omdat er yn yllegaal fjoerwurk hannelje soe. By de besite kamen de ferbeane wapens oan it ljocht.

Gjin hobby

It gong om trije boksbûgels, twa ploertedeaders, trije stroomstjitwapens en in pear neppistoalen. Fierders fûn de plysje noch sa'n 100 knalpatroanen en patroanen foar yn in fjoerwurkpistoal. "Dit giet net mear om hobbymatich sammeljen", sei offisier fan justysje Sierd Eijzenga.

Neist de wurkstraf dy't de 24-jierrige man útfiere moat, krige er ek noch 60 oeren wurkstraf ûnder betingst.

Trefwurden: 
wurkstraf wapens Steggerda
(advertinsje)
(advertinsje)