Gjin Formule 1 foar Nyck de Vries, mar mei Mercedes nei de Formule E

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea rydt takom seizoen foar it team fan Mercedes yn de Formule E. It team hat him niiskrekt presintearre as nije oanwinst foar takom jier.
© Mercedes-Benz EQ Formula E Team
De Formule E bestiet sûnt 2014 en is in klasse mei elektryske auto's. Mercedes die dêr noch net oan mei, mar begjint takom seizoen dus mei De Vries. De Belgyske âld-Formule 1-koereur Stoffel Vandoorne wurdt syn teamgenoat. Beide manlju sieten ek tegearre by McLaren.
Yn de Formule E ride de koereurs op strjitsirkwys.

Formule 2

Dit seizoen rydt De Vries noch yn de Formule 2. Dêr is er koprinner. Mei noch twa races te gean hat er in foarsprong fan 59 punten op syn neiste konkurrint, Nicolas Latifi. De Vries kin oer twa wiken yn Sotsji de titel pakke.

Nije útdaging

Nyck de Vries skriuwt op Twitter dat der tige útsjocht nei takom seizoen. "Een nieuwe uitdaging en een nieuw hoofdstuk in mijn carrière. Bedankt voor deze kans."