Prinsjesdei komt der wer oan: wat fynsto wichtich?

11 sep 2019 - 16:18

Takom wike tiisdei is it Prinsjesdei. It kabinet makket dan bekend wat de plannen binne foar takom jier. Foar it fjirde jier op rige ûndersiket de NOS yn gearwurking mei de regionale omroppen watsto wichtich fynst, wat dy dwaande hâldt en wêr'tsto dy soargen oer makkest. Wy wolle graach witte wat neffens dy de plannen wêze moatte soene.

Foto: ANP

Wat fynsto it wichtichste ûnderwerp? Wêr moat de polityk wurk fan meitsjen? Fynsto dyn finansjele situaasje wichtich, of it klimaat, de wenningmerk en feilichheid op strjitte? Of fynsto ymmigraasje, soarch of it ûnderwiis wichtich?

Fragelist

Wolsto dyn miening jaan? Folje dan dizze fragelist yn en help ús noch better te berjochtsjen oer wat der yn ús lân libbet.

It is gjin opinyûndersyk. De NOS en de regionale omroppen brûke de ûnderfiningen en ferhalen fan minsken om te witten wat der libbet en it bringt ús op nije ideeën foar sjoernalistike ferhalen.

(advertinsje)
(advertinsje)