Hoe tagonklik is de gemeente Ljouwert?

11 sep 2019 - 15:48

Stel je kinne net goed sjen en je moatte in gemeenteformulier ynfolje. Hoe wurde je dan holpen? Of je binne wat dôf en je moatte fia de kompjûter in formulier ynfolje, mar der is gjin spraakfunksje? De gemeente Ljouwert wurket oan in ynklusive gemeente: in gemeente dy't foar elkenien tagonklik wêze wol. Oer dy tagonklikheid giet tongersdei de wurkkonferinsje yn Ljouwert.

Hilda Snippe is blyn en lid fan de wurkgroep Leeuwarden Toegankelijk. Se fynt dat de gemeente al in hiel soad goed docht, mar wol ek graach dat de webside fan de gemeente better wurdt. "Daar zou ik graag zien dat er een spraakfunctie is", fertelt se.

Meitinke

Snippe is faak op it gemeentehûs om mei te tinken oer in tagonklike gemeente. Se praat dêroer mei beleidsmeiwurker Daniël Appelo. Hy fynt it wichtich dat der tongersdei kennis en kunde ophelle wurdt troch ûnderfiningssaakkundigen en hopet dy kennis yn de praktyk te bringen.

"Daarmee moeten we als organisaties dingen écht gaan veranderen, dan ben je volgens mij echt heel goed bezig", seit Appelo. "Ik hoop dat de ervaringsdeskundigen met het gevoel naar huis gaan dat ze gehoord worden", jout Snippe oan.

Hilda Snippe en Daniël Apperlo - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

De wichtichste reden foar de byienkomst is it VN-ferdrach foar de rjochten fan minsken mei in beheining. De gemeente Ljouwert hat hjirfoar yn 2018 in foarstel oannommen. De moasje giet oer de tarieding fan in Lokale Inclusie Agenda. Hjiryn stiet hoe't de gemeente wurket oan it wiermeitsjen fan it VN-ferdrach en bydraacht oan in ynklusive mienskip.

Wurkkonferinsje

Yn de hjerst fan 2018 hat de gemeente mei organisaasjes en ûnderfiningsdeskundigen al in startgearkomste hâlden. De wurkkonferinsje is hjir in gefolch op. De gemeente Ljouwert wol graach yn 'e kunde komme mei ûnderfiningssaakkundigen troch yn petear te gean oer in tal tema's fan it VN-ferdrach.

De saakkundigen kinne meiprate oer wat better en oars kin. Sa wurdt der wurke oan de Lokale Inclusie Agenda. It útgongspunt is dan ek: 'Niets over ons, zonder ons!'.

Daniel Appelo en Hilda Snippe oer 'Leeuwarden Toegankelijk'

(advertinsje)
(advertinsje)