Dochs feest op Skylge? Mear as 2.000 minsken wolle bier drinke by Dúnmarke

11 sep 2019 - 15:19

Sa'n 2.000 minsken sjogge it wol sitten om takom wykein feest te fieren op Skylge. No't it festival Eilân dêr net trochgean mei, binne der plannen om 'bier te drinken' by Dúnmarke fan Hee. Op it Facebookevenemint streame de reaksjes binnen.

It Dúnmarke fan Hee - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De feestfierders wolle freed om 21.00 oere ôfprate by de mar. "Geen Eilân-festival? Toch tijd voor pils!", skriuwt de organisaasje fan it Facebookevenemint. "Neem je eigen kistje pils mee en vier het eiland en de toekomst. Hou het ff een beetje netjes. Iedereen is welkom, op enkele leden van SOS na." SOS stiet foar Stichting Ons Schellingerland, dy't har ynsette tsjin it hâlden fan it festival.

Boargemaster: gjin goed plan

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge fynt it gjin goed plan om kommend wykein feest te fieren by de mar. "Dit raad ik de eilanders ten sterkste af", seit er. "Er is geen vergunning voor. Ik hoop dat het gezonde verstand zegeviert. Er zijn genoeg café's op het eiland."

De organisaasje fan it festival Eilân lit witte him op gjin inkelde wize mei it inisjatyf op Facebook dwaande te hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)