Organisaasje Eilân: takom jier yn septimber dochs festival op Skylge

11 sep 2019 - 18:40

De organisaasje fan Eilân wol takom jier opnij besykje it festival op Skylge te hâlden. Ferline wike besleat de rjochter dat it evenemint dit wykein net trochgean mei, fanwege problemen mei de fergunningen. De organisaasje hat no in jier om har ta te rieden en hat der fertrouwen yn dat it takom jier wol slagje sil. De festivalorganisaasje makke woansdei sels al de datum bekend: fan tongersdei 3 oant en mei snein 6 septimber 2020.

Wat de organisaasje oanbelanget wurdt Eilân dan dochs holden by de mar fan Hee. Se witte no, sizze se, hoe snel oft se skeakelje kinne. Der is al in hiel soad materiaal op it eilân en dat bliuwt der ek foar takom jier. We ha in jier lang de tiid om alles wat de rjochter sein hat, te reparearjen, lit de organisaasje witte.

Gearkomste

De festivalorganisaasje hâldt woansdeitemiddei in gearkomste om eilanners, ûndernimmers en leveransiers by te praten. Dy wurdt holden by camping Cupido, flakby it terrein dêr't it festival plakfine soe. De gearkomste stie al pland en soe in toer wêze foar belangstellenden oer it festivalterrein, om te fertellen hoe't alles ynrjochte wurde soe. Dat bart no net, minsken wurde no bypraat oer de útspraak fan de rjochter en wat de gefolgen binne. Se kinne ek fragen stelle oan de organisaasje.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Daniël van Drunen fan de organisaasje fan Eilân

De VVV fan Skylge skat dat der dit wykein dochs 500 à 1000 minsken nei it eilân komme, ek al giet it festival net troch. Foar dy minsken wurdt der yn de kroegen in alternatyf programma opset, mei ûnder oare dj's.

Trefwurden: 
festival Skylge eilân
(advertinsje)
(advertinsje)