In brêge of in tunnel: hoe moatte wy yn de takomst nei It Amelân reizgje?

11 sep 2019 - 15:21

Hoe moatte wy yn de takomst nei It Amelân reizgje? Dy fraach stie tiisdeitejûn sintraal by in ynformaasjegearkomste oer de berikberens fan it Fryske waadeilân. Rykswettersteat, Provinsje Fryslân en de gemeenten Noardeast-Fryslân en Amelân hawwe sjoen nei de opsjes en komme no mei trije mooglikheden: de besteande ferbining behâlde, in mear súdlikere farrûte nei Ferwert, of in tunnel ûnder de Waadsee troch.

De fearboat en wettertaksy nei It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Alle trije opsjes binne yngripend, mar wol nedich, seit Zjéf Budé fan Rykswettersteat. "Het zijn serieuze opties, maar ze zijn alle drie heel ingrijpend. Neem nu de tunnel bijvoorbeeld. Waar de veerdam begint in Holwerd, daar zou achter de dijk een tunnelmond kunnen komen. De tunnel gaat dan onder het wad door. Bij Nes op Ameland komt de tunnel dan weer boven. Dan zijn er vervolgens ook twee opties: een tunnel voor auto's of een trein die de twee plaatsen verbindt."

Op dit stuit leit de farferbining tusken Holwert en Nes op It Amelân. Mar ek ferskowing nei it gebiet boppe Ferwert soe in oplossing wêze kinne. "Het bouwen van een nieuwe veerdam in Ferwert is wel een enorm ingrijpende ingreep, los van dat er geen weg naartoe gaat", neffens Budé. "Plus het feit dat in Holwerd de veerdam moet worden opgeruimd."

Holwert op termyn net realistysk

Op de ynformaasjejûn yn Dokkum wiene de reaksjes neffens Rykswettersteat posityf. "Mensen beginnen te begrijpen dat vanuit Holwerd varen op de lange termijn geen realistische optie is, tenzij je heel intensief gaat baggeren of de veerdam verlengt."

Hoe nijsgjirrich de trije opsjes ek binne, de kommende jierren sil der gewoan in fearboat fan Holwert nei It Amelân farre. Budé: "Er wordt een eerste raming gemaakt van wat het in totaal kost. Dan is het vervolgens aan de minister om daar een besluit over te nemen. We gaan de komende maanden verder concretiseren. In december of januari hopen we dat pakket naar de minister te sturen. Als we met alle drie scenario's doorgaan, hebben we nog zeker drie jaar nodig om alles verder te onderzoeken."

(advertinsje)
(advertinsje)