Grand Café Z oan it Saailân yn Ljouwert nei oardel jier al fallyt

11 sep 2019 - 14:08

Restaurant Grand Café Z oan it Saailân yn Ljouwert is fallyt. Grand Café Z iepene yn febrewaris 2018 de doarren, en woe in plak wêze mei de alluere fan in metropoal, mar nei goed oardel jier is it alwer dien.

Neffens de kurator hat it bedriuw net genôch jild yn de kas. "Het café had genoeg gasten, maar er zit niet genoeg vet op het bot." Ek hat de eigener dit jier in skoft mei in burn-out sitten.

LF2018

Ferline jier, yn it LF2018-jier, iepene it Grand Café har doarren. Oft it ôfnimmen fan it tal besikers oan Ljouwert ek bydroegen hat oan it fallisemint, doart de kurator op dit stuit noch net te sizzen.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

It restaurant sit yn it eardere Wetterliedinggebou. Dat gebou wurdt hierd troch Nuon. It enerzjybedriuw hat in diel fan de klanteservice dêr, mar sûnt begjin 2018 dus ek in Grand Café.

It gebou is ek wol bekend fan de Alvestêdetocht fan 1997. Dêr waard doedestiids de tocht oankundige. Yn it gebou, dat út 1964 komt, wiene earder gearkomsten fan de organisaasje fan De Friesche Elf Steden en dêr waarden de bekende wurden 'it giet oan' útsprutsen.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(advertinsje)
(advertinsje)