Undersyk nei wêr't minsken dy't net goed lêze kinne tsjinoan rinne op stasjons

11 sep 2019 - 13:53

Arriva start in grut ûndersyk nei de problemen dy't minsken dy't min lêze kinne ûnderfine op stasjons, yn de bus en yn de trein. "Der steane in soad buordsjes yn it iepenbier ferfier, mar dy soargje foar betizing," seit direkteur Anne Hettinga fan Arriva. Meiwurkers fan Arriva sille de kommende fjouwer wiken mei minsken dy't muoite hawwe mei lêzen en skriuwen op 'en paad om te sjen tsjin hokker swierrichheden se krekt oan rinne.

Hettinga seit skrokken te wêzen fan de sifers dy't dizze wike nei bûten kamen oer it tal minsken dat net goed lêze en skriuwe kin. Al mei al soe it yn Nederlân gean om 2,5 miljoen minsken. "En dat binne fansels ek in soad minsken dy't reizgje mei it iepenbier ferfier en dy't we no mooglik net goed betsjinje. Dy witte mooglik net goed wêr't se ynstappe moatte of hoe't se oan in kaartsje komme."

Op de stasjons stiet in soad ynformaasje op buordsjes dy't oeral hingje. Sa stiet derop hoe let de bussen en treinen ride, mar ek hoe en wêr't je bygelyks in fyts delsette moatte. Foar Hettinga is no noch net dúdlik hoe't dat oars kin. It soe bygelyks gean kinne om de ynset fan piktogrammen, mar ek soe der mooglik mear omroppen wurde moatte. "We hoopje der mei help fan de 'ervaringsdeskundigen' efter te kommen."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Arriva wol oer goed in moanne mei de resultaten fan it ûndersyk nei bûten komme. Dan sil besjoen wurde hokker maatregels der naam wurde moatte. Ek sil dan besjoen wurde oft ProRail en de NS by de oplossingen belutsen wurde moatte.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Trefwurden: 
Arriva lêze skriuwe
(advertinsje)
(advertinsje)