Wat betsjutte de plannen fan minister Slob foar lokale omroppen yn Fryslân?

Lokale omroppen moatte yn de takomst feroarje yn streekomroppen, dat docht bliken út de plannen fan minister Slob fan Media. Woansdei wurdt yn de Twadde Keamer besprutsen hoe't de plannen foar lokale media derút komme te sjen. Direkteur Marc Visch fan de Stichting Nederlandse Lokale Publieke Omroepen jout oan dat de lokale omroppen net ferdwine. "Mar it wurdt wol lokale omrop 2.0, sy moatte byinoar yn streekomroppen." Dat kin betsjutte dat guon omroppen fusearje moatte. "Mar dat hoecht net oeral te barren, Súdwest-Fryslân is bygelyks ien gemeente en dat bliuwt ek sa. Mar op oare plakken sil it wol ta in fúzje komme."
Mikrofoan yn in radiostudio © Shutterstock.com
De lokale omrop moat profesjoneler wurde. "Op dit stuit is dat it probleem. Lokale omroppen wurkje benammen mei frijwilligers. Dat giet wol goed, mar de sjoernalistike funksje dy't de lokale omrop ek hawwe moat, komt der net foldwaande út."
Dat hat net inkeld mei lytsskaligens te krijen. "Mar ek mei sinten. In bytsje lokale omrop moat it mei 15.000 euro yn it jier dwaan, en dêr kinst gjin sjoernalisten foar oannimme."

Streekomroppen

De fraach giet oft der noch wol foldwaande romte is foar streektalen. Visch: "It giet om de organisaasje. Dy kin wol grutter wêze, mar de taak bliuwt: 'lokaal toereikend media-aanbod.' Sa stiet it yn de wet. Dat moatte streekomroppen yn de takomst ek dwaan bliuwe. Wa wit kinne sy dat wol better dwaan yn in grutte organisaasje mei mear sinten."
Minister Slob hat 15 miljoen euro beskikber steld foar 2019 oant en mei 2021. Der is 9 miljoen foar de fergrutting fan de kwaliteit en profesjonaliteit fan de lokale sjoernalistiek en 6 miljoen foar it sterker meitsjen fan de gearwurking tusken lokale omroppen mei in Pilot Streekomroppen.

Pilot

"Ik bin wol wiis mei de 15 miljoen dy't Slob no ynvestearret yn lokale sjoernalistyk. Oan it begjin fan de kabinetsperioade wie hy dat net fan doel en ek de pilots wêrmei't de minister no komt, dat is in grutte stap," seit Visch.
Dy Pilot Streekomroppen binne om de gearwurking op te setten. "Der is twa kear 3 miljoen beskikber steld om mei dy pilot út te sykjen hoe't it wurket mei in streekomrop en profesjonele sjoernalisten. Tegearre mei frijwilligers, want dy bliuwe der mei ferbûn. En dan kinne wy sjen litte dat dy lokale sjoernalistyk ek yn de takomst burgen bliuwt," leit Visch út.
Marc Visch wit noch net wêr't dy pilots komme. "Want it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek makket op dit stuit noch in regeling. Takom moanne moat it dúdlik wêze hokker easken der binne fan it fûns foar de omroppen. Dan kinne wy in novimber los en dan sil ek dúdlik wurde hokker omroppen meidogge."
Direkteur Marc Visch fan de Stichting Nederlandse Lokale Publieke Omroepen