Waadferiening yn brief oan MSC: kom mei konkrete aksjes nei kontenerramp

11 sep 2019 - 11:45

Fyftjin organisaasjes, wêrûnder de Waadferiening, It Fryske Gea en stichting Natuurmonumenten, ha in brief stjoerd nei reder MSC mei as doel oan tafel te kommen. Yn de brief skriuwe de organisaasjes dat se net tefreden binne oer de ôfhanneling fan de kontenerramp. De reder moat konkrete aksjes nimme, fine se.

Foto: Onderzoeksraad voor Veiligheid

Noch hieltyd is net alle ferlerne lading opromme en mar in lyts diel fan de yntsjinne claims foar de opromkosten is fergoede, skriuwe de partijen. Dêrnjonken wolle de partijen witte wat MSC en de hiele sektor dwaan kinne om sokke rampen yn de takomst foar te kommen.

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

Op it stuit oerleit MSC benammen mei fersekerders oer it fergoedzjen fan de skea. De fyftjin ferieningen dy't no de brief skreaun ha, wolle meiprate.

De rekken fan it opromjen is yntusken oprûn nei hast 3,5 miljoen euro. Dat moat MSC 'romhertich' fergoedzje, as it oan de briefskriuwers leit. Mar dêrnjonken moat de rederij ynvestearje om de gefolgen op de lange termyn te bestriden en om it kontenerferfier te ferduorsumjen.

"Noch altyd net skjin"

Yn de brief skriuwe de partijen dat de gefolgen noch hieltyd te fernimmen binne. "It liket no kreas, mar it is noch net skjin", skriuwe se. "Lytse stikjes plestik wurde noch hieltyd fûn by opromaksjes. Geregeld komt der noch guod út de konteners ûnder it sân wei en fiskers treffe noch altyd rommel oan yn harren netten."

De fyftjin partijen dy't de brief ûndertekene ha, binne de Waadferiening, stichting De Noordzee, Wetlands International, Seas at Risk, Zeehondencentrum Pieterburen, Visserijvereniging Ons Belang Harlingen, Visserijvereniging Hulp in Nood Lauwersoog, Natuurmonumenten, Het Groninger Landschap, It Fryske Gea, WAD, Vogelbescherming, Wadvaarders, Doe Eens Wat en Duik de Noordzee Schoon.

(advertinsje)
(advertinsje)