Wynmûne Kollum hoecht net stiller, ek al sliepe minsken der net fan
De gemeente Noardeast-Fryslân hoecht gjin maatregels te nimmen tsjin de eigener fan in wynmûne oan de Kollumer Brongersmawei om it stiller te meitsjen. Dat hat de Ried fan Steat bepaald.
De wynmûne stiet yn in stil gebiet, mar it is gjin offisjeel stiltegebiet dat troch de provinsje oanwiisd is. En dat makket neffens de Ried in grut ferskil.
Dat de buorlju in soad lêst hawwe fan de mûne is ek gjin reden foar maatregels, fynt de Ried. De útspraak is in tsjinfaller foar de bourlju, dy't de saak oanspand hiene. Sy hawwe sliepeloaze nachten en oare medyske klachten.