Sophie de Boer yn seleksje wrâldbeker fjildriden

11 sep 2019 - 11:00

Bûnscoach Gerben de Knegt fan it Nederlânske fjildrydteam hat Sophie de Boer opnommen yn syn seleksje foar de wrâldbekerwedstriden yn de Amerikaanske stêden Iowa City en Waterloo.

Foto: Orange Pictures

De 28-jierrige De Boer waard berne yn Drachten, mar wennet no yn Amsterdam. Yn it seizoen 2016-2017 wûn De Boer it einklassement fan de wrâldbeker. Sûnt dy tiid hat se lykwols nea mear sa goed prestearre.

Yn jannewaris 2018 hold se sels earder as de bedoeling wie op mei har fjildrydseizoen, fanwegen wurgens. Ofrûne seizoen einige se op it 23e plak yn it einklassemint fan de wrâldbekerwedstriden.

De wedstriden yn Iowa City en Waterloo binne op 14 en 22 septimber.

(advertinsje)
(advertinsje)